Zoekresultaten
Resultaat 21 - 40 (van 119)
Anny de Jong Mentha Minnema en it hûnemystearje
Mentha Minnema komt in frjemde bistedokter op it spoar, dy't rare dingen mei hûnen útfynt. Stabij Mette fan Jeltsje en Jurjen Risselade is ûntfierd en der binne mear stabijs dy't slachtoffer wurden binne. Nei in protte aventoeren kriget Jurjen in sulveren balkje by de polysje, en dat hie er wol fertsjinne! It ferhaal wurdt foarlêzen troch Anny de Jong, dy't it ek skreaun hat. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1990 yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud It kin alle kanten ut Sneupers en paadwizers...
Westerlauwers Fries | 2 uur 35 minuten (154 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it kattemystearje
Mentha Minnema belânet diskear as hûneleafhawwer mei in protte ferstân fan katten, yn in kattemystearje. Jurjen en Jeltsje Risselade misse harren kat Tsjip en wat dêr dan allegearre oan aventoeren achter wei komt... Ek diskear wer helpt Pyt Pander mei, mar de polysje hie it allinne noait oprêden. Dit ferhaal wurdt foarlêzen troch de skriuwster Anny de Jong. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1998 as achtste diel yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud De nijkeap In frjemdsoartige kat A real...
Westerlauwers Fries | 3 uur 16 minuten (222 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it hynstemystearje
Op it hynstekonkoers fan Riis yn Gasterlân wurdt Bearn, in prachtige swarte rún fan acht jier âld, op mysterieuze manier stellen. Marchje en Petra krije aldergeloks de help fan Mentha Minnema by har speurwurk om it hynder werom te krijen. Mar dat liket net bêst... Grate helpt diskear faaks noch wol mear mei as Pyt Pander. Hy is miskien wol fereale en dat lytse hûntsje mei it plakje om it each leveret út en troch ek noch in spoar op. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1992 yn de Mentha Minnema-rige....
Westerlauwers Fries | 3 uur 5 minuten (214 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Hylke Speerstra Op redens oer
De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene wrâldferneamd yn eigen gea. Nammen dy't trochlibje. Manlju en froulju dy't yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byinoar riden. Ja, it gie net allinne om de eare; yn earme tiden giet soms noch mear om it jild. Sa foarmje har ferhalen ek in ôfspegeling fan de skerpe sosjale ferskillen en de bikkelhurde striid om it bestean yn de earste helte fan de 20ste ieu. Hjir binne froulju en manlju oan it wurd dy't witte...
Westerlauwers Fries | 8 uur 53 minuten (407 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Hylke Speerstra De kâlde krústocht
Yn dit boek mei nije iisferhalen fan Hylke Speerstra wurdt de lêzer meisleept op in spannende winterreis. Ûnder him heart er it skrassen fan de redens en it kreakjen fan it iis. Der glydt in hiele ieu oan him foarby. Ûnderweis begjint de lêzer mei te libjen mei de haadfigueren dy't op syk binne nei frijheid, gelok en bettere tiden. En nei de útdaging dy't ek op it iis te finen is... Rasferteller Hylke Speerstra (1936) hat it Fryske folkslibben op in ûnferjitlike manier fêstlein yn boeken...
Westerlauwers Fries | 6 uur 45 minuten (318 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Marga Claus Bollman & Bollman
Mei Bollman en Bollman stelt Marga Claus as earste it beladen ûnderwerp 'crossdressing' of travesty yn de Fryske literatuer oan 'e oarder. Fan Marga Claus ferskynden earder de dokumintêre romans Oxzana, De heit fan Serafyn en Lytse do. Mei Bollman & Bollman weaget se har foar it earst op it paad fan de fiksje. Yn dizze roman fertelt de skriuwster op yntime wize it oangripende ferhaal fan in man mei in grut geheim. As Yasper Bollman yn de syktewet bedarret en alle tiid hat om nei te tinken, spylje...
Westerlauwers Fries | 7 uur 46 minuten (389 MB) | Utjouwerij Fryslân, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Lida Dykstra Spegelspreuk
Spegelspreuk is in spannend aventoer oer de freonskip tusken in ûndernimmend prinske en syn lakei, Lodelakei. Ljouwert, 1757 De 9-jierrige Willem, prins fan Oranje, rint fan hûs fuort. Hy komt terjochte by syn beppe, Marijke Muoi. Dy wennet yn Ljouwert, yn paleis it Prinsessehof. Earst ferfeelt Willem him ôfgryslik. Mar dat feroaret as in âld wyfke yn it keunstkabinet fan it paleis in spegelspreuk útsprekt. Troch dy betovering komme, alle kearen as de klok tolve oeren slacht, bisten fan tegels...
Westerlauwers Fries | 2 uur 51 minuten (137 MB) | Aed Levwerd, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Hylkje Goïnga Nei it Park
Yn de novelle Nei it park stiet de 78 jier âlde en deminte 'Martha' sintraal. Op tige humoristyske, mar tagelyk oangripende wize beskriuwt Hylkje Goïnga de striid fan Martha om út it hûs foar âldere minsken te bliuwen en it krewearjen fan de dochters Janna en Geeske om har dêr no krekt wol yn te krijen. 'Ik rûn tusken myn beide dochters yn troch in brede gong. In mefrou mei reade wangen joech my twa hannen tagelyk en kloppe my op 'e rêch. Ik fersjitte my der fan. Wy gongen yn de lift mei...
Westerlauwers Fries | 1 uur 19 minuten (91 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Skoare by FC Top
Skoare by FC Top giet oer de talintfolle David en Jeffrey, dy't gek binne fan fuotbal. Op in dei komt in scout fan it grutte FC Top út de stêd te sjen. De jonges wurde útnoege foar in oantal proeftrainings en seleksjewedstriden. Der bestiet in grut ferskil tusken de beide jonges. David hat in freeslik fanatike heit dy't alles op alles set foar in fuotbalkarriêre fan syn soan. By Jeffrey wurdt dêr folle relekster mei omgien. Foar him is der mear yn it libben as fuotbalje. Hoe sille de doarpsjonges...
Westerlauwers Fries | 1 uur 53 minuten (122 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Bretaalwei De Brand
Hoe't Johannes Brandsma de grinzen ferlei
Johannes Brandsma, in topkeatser Yn 'e jierren tachtich is hy de sportman, dy't it gesicht fan it keatsen mei bepaalt. De Brand ferleit bretaalwei grinzen yn it keatsspul. Hy ferbrekt rekords dy't noch steane, ek yn 2009. Yn 1990 nimt er ôfskie fan it Fryske spul en kinne de lêste kranteknipsels en foto's ynplakt wurde. Mear as stof genôch foar in biografy. De keatsfedette fertelt net inkeld oer it keatsen, mar ek oer de saken dêr omhinne en hoe't it syn libben behearske. Jelle Bangma makke...
Westerlauwers Fries | 3 uur 49 minuten (182 MB) | Frysk en Frij, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Riemkje Hoogland-Pitstra Mentha Minnema en it keldermystearje
As de ferhúswein allegearre doazen mei klokken ôfleveret yn it lege hûs njonken de bakkerij, witte Geart en Geeske al, dat der net in gewoane húshâlding komt te wenjen. Mar dat se daliks al yn in aventoer belânje troch Mentha Minnema, dat hiene se ek net ferwachte. Hoe sit dat krekt mei de ûnderierdske gong nei de tsjerke ta? En wa hat de prachtige kandelers stellen út it âlde gebou? Mei help fan Pyt Pander en Grate, losse Mentha Minnema, Geart en Geeske it mystearje op. It boek is oarspronklik...
Westerlauwers Fries | 3 uur 5 minuten (202 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Riemkje Hoogland-Pitstra Mentha Minnema en it wettermystearje
As Mentha in pear dagen mei Geart en Geeske te farren is op de boat fan Pyt Pander, komt se in saak op it spoar, dy't geheim bliuwe moatten hie. Dus falle der klappen en foar't se it goed en wol yn de gaten hat, sitte se oan kop en earen ta yn de misdiebestriding. Dit saakje rûkt net fris, it rûkt nei fisk! Pas nei in protte aventoeren wit Mentha it safier te krijen dat de polysje de boeven (of binne it boevinnen?) ynrekkenje kin. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1997. Inhoud Mentha kin...
Westerlauwers Fries | 3 uur 3 minuten (178 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Harmen Wind It Ferset
Ferset fan in heit tsjin de feroarings yn de tsjerke en de maatskippij en ferset fan in soan tsjin syn heit; it leveret in yndrukwekkende roman op. Het verzet ferskynde yn 2002 as it Hollânske proazadebút fan Harmen Wind by De Arbeiderspers. De parse wie oer it algemien tige posityf. Wind sei yn in ynterview dat er it boek beskôge as 'in Fryske roman yn it Nederlânsk'. Om ôfstân ta it ûnderwerp te krijen, keas er ynearsten foar it Hollânsk. Hy begûn mei de oersetting fuort nei de ferskining....
Westerlauwers Fries | 12 uur 42 minuten (814 MB) | Utjouwerij Fryslân, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Hedzer T. Hooijenga Unrêst op Sumarreheide
Fictie
Westerlauwers Fries | 176 pagina's | De Fryske Boekeklub, [Oudehaske] | 2009
Gedrukt boek
Sietse de Vries Potstro Fongers
Een snackbarhouder begint een bistro aan de Dokkumer Ee met traditionele Friese gerechten als potstro, maar hij krijgt door dat er allerlei illegale praktijken plaatsvinden,
Fictie
Westerlauwers Fries | 207 pagina's | Friese Pers Boekerij, Ljouwert [Leeuwarden] | 2009
Gedrukt boek
Hylke Speerstra Op redens oer
Verhalen over Friese schaatsers in de eerste helft van de 20e eeuw.
Fictie
Westerlauwers Fries | 254 pagina's | Bornmeer, Ljouwert [Leeuwarden etc.] | 2008
Gedrukt boek
Gjalt de Groot De jonge aaisiker fan Luctor et Emergo
Een boerenjongen leert in de jaren vijftig eieren rapen van zijn vader en grootvader.
Fictie
Westerlauwers Fries | 157 pagina's | Bornmeer, [Gorredijk] | 2009
Gedrukt boek
Rink van der Velde Feroaring fan lucht
roman
Als een eigenzinnige vrijbuiter op aandringen van zijn twaalf kinderen een burgermansbestaan probeert te leiden, gaat hem dat niet zo goed af.
Fictie
Westerlauwers Fries | 193 pagina's | TDE, [Leeuwarden] | 2014
Gedrukt boek
Wadman De oarloch fan Wadman
Fictie
Westerlauwers Fries | 336 pagina's | Friese Pers Boekerij, Ljouwert [Leeuwarden] | 2009
Gedrukt boek
Koos Tiemersma Under wetter
roman
Fictie
Westerlauwers Fries | 239 pagina's | Friese Pers Boekerij, Ljouwert [Leeuwarden] | 2009
Gedrukt boek